Titel

Friezen yn 'e Frjemdte. In skiednis fan Friezen om utens.

Schrijver
Uitgever

Prijs

30,00

Bijzonderheden

Ljouwert, Utjouwerij Elikser, 2011, 1e druk, 770 pag., zw/w illustraties, met originele DVD, hardcover, quarto.

Meer info
= It nei 1850 ôfnimmen fan de wurkgelegenheid yn de lânbou, de yndustrialisaasje yn oare streken en mear oarsaken hawwe der foar soarge dat Fryslân yn de 19e en 20e ieu in protte ynwenners kwytrekke.Oeral wei binne wol minsken yn 'e frjemdte bedarre, yn in oare omjouwing as dêr't se opgroeid binne. Wat it bysûndere is fan de Friezen, is dat se wol út Fryslân weigean, mar dat Fryslân net út harren weigiet. De eigen taal, de eigen kultuer en de eigen identiteit sitte der blykber hiel djip yn. Dat sprekt ekstra oan as hja âlder wurde en sjogge dat it libben ferrint. It ferlitten fan it eigen wenplak, faak út bittere needsaak, wie yn earder tiid foar de measten folle yngripender as no. Oare omstannichheden en opfettings sille ek yn dit boek nei foaren komme en dat blykt faak tige nijsgjirrich te wêzen.Feroarings fan omjouwing, wurk en mentaliteit soargen foar in soad ûnwennigens. Mei dêrtroch kaam it, dat Friezen oer de hiele wrâld inoar opsochten en mear as 200 kriten om utens oprjochten. Wat der yn Fryslân barde, waard dêr meastentiids goed folge en ek foar Fryslân hienen kriten en bûtenfriezen betsjutting. Al dy kriten, ek yn de lytste plakken, hienen har eigen toanielploegen, sjongkoaren, keatsklubs, geselligens en freonskip. Yn de no noch besteande kriten is dat net oars. It boppesteande hat mei oanlieding west foar it beslút fan it bestjoer fan It Frysk Boun om Utens om dit boek út te bringen oer de Friezen om utens. It boek beheint him ta in skiednis fan de Friezen om utens yn organisearre ferbân. Der wurdt, troch de tiid hinne, in byld jûn fan hoe't it om en ta gie yn de kriten, de selskippen, harren klubs en fan by dy organisaasjes belutsen minsken. It boek giet fansels ek oer de skiednis fan It Frysk Boun om Utens, oer it âlde Boun (1905-1918) en it hjoeddeiske Boun (1923 oant no) en oer har krewearjen om de selskippen en kriten yn in lanlike oerkoepeling gear te bringen en fan dêrútwei te stypjen. De sintrale doelstelling fan It Boun hat nammentlik altyd west in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen. Yn in tiid fan grutte feroarings en foaral ek yn in tiid fan it tebekrinnen fan it tal Fryske kriten en harren ledetallen, hat it bestjoer fan It Boun miend om dat stikje dochs wol bysûndere histoarje foar it neiteam fêst te lizzen.
Fahrenheit 451 Nieuwerbrug

Fahrenheit 451 is een professioneel antiquariaat met een breed aanbod van interessante boeken, prenten, documenten, handschriften, posters, foto's, paperassen en overige zaken op papier. Wij nemen deel aan Nederlandse en buitenlandse beurzen en zijn lid van de Nederlandsche Vereeniging van Antiquaren (NVvA), de International League of Antiquarian Booksellers (ILAB) en de Provincial Booksellers Fairs Association (PBFA).

Vul uw gegevens hieronder in om deze titel te bestellen bij boekwinkel Fahrenheit 451.

Wijzig instellingen
De captcha wordt geladen. Een ogenblik geduld...

Klik op het witte vierkant hierboven

Op het bezoeken van onze website, zo ook het plaatsen van een bestelling, zijn onze Algemene voorwaarden van toepassing.

Registreer u vrijblijvend als koper!

Stuur een e-mail

Wijzig instellingen
De captcha wordt geladen. Een ogenblik geduld...

Klik op het witte vierkant hierboven

  • Alle boeken zijn compleet en verkeren in normale antiquarische staat, tenzij anders beschreven. Kleine onvolkomenheden, zoals een ingeplakte ex-libris of een naam op het schutblad, zijn niet altijd vermeld
  • U handelt deze order direct af met Fahrenheit 451
  • Na uw bestelling ontvangen u en Fahrenheit 451 een bevestiging per e-mail. In de e-mail staan de naam, adres, woonplaats en telefoonnummer van Fahrenheit 451 vermeld
  • De Koper betaalt de verzendkosten, tenzij anders overeen gekomen
  • Fahrenheit 451 kan betaling vooraf vragen
  • Boekwinkeltjes.nl probeert Kopers en Verkopers tot elkaar te brengen. Boekwinkeltjes.nl is echter nimmer partij bij een overeenkomst die gesloten wordt tussen Koper en Verkoper door gebruikmaking van de site. Als u een geschil hebt met één of meer gebruikers, dient u dit zelf op te lossen. U vrijwaart Boekwinkeltjes.nl van enigerlei vorderingen, aanspraken op schadevergoeding en dergelijke, verband houdende met dergelijke geschillen.

7,3 miljoen boeken

Gebruikt en tweedehands

11200 boekwinkels

Antiquariaten en particulieren